Grien Boekje foar it Frysk

14 feb 2012 - 17:12

De Fryske Akademy is begûn mei it gearstallen fan in Grien Boekje foar it Frysk. Dêryn komt de standertstavering fan goed 125.000 Fryske wurden te stean. It is foar it earst yn de skiednis fan it Frysk dat soks bart.

De list wurdt gearstald mei help fan besteande gegevens en útsocht mei help fan kompjûters. In groep meiwurkers fan de akademy besjocht de kar en nimt it beslút oer de wurden yn de definitive wurdlist. It Griene Boekje moat foar de simmer klear wêze en ferskynt allinnich as kompjûterprogramma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)