Nijkleaster siket jild

26 mrt 2014 - 16:49

De stichting Nijkleaster hopet mei in crowdfunding inisjatyf genôch jild byinoar te heljen foar in grutte ferbouwing fan de Radboudtsjerke fan Jorwert dy't se no brûke foar aktiviteiten. De stichting hat yn dy tsjerke in protestantsk kleaster en de aktiviteiten lûke in soad minsken. Safolle, dat se net genôch hawwe oan it part fan de tsjerke dat se no brûke. In ferbouwing is de oplossing. Se freegje 1.000 euro de man en yn ruil dêrfoar kinne minsken ûnder oare in keunstwurk krije.

Trefwurden: 
jild Jorwert Nijkleaster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)