'Ombudsman yn sikehûs'

26 mrt 2014 - 13:35

Belange-organisaasje Soarchbelang Fryslân wol dat elk sikehûs syn eigen ombudsman krijt. It idee dêrfoar komt fan it Rathenau-ynstitút, in medysk ûndersyksynstitút. Sikehûzen wurkje no faak mei enkêtes achterôf, mar de eigen ferhalen fan pasjinten jouwe in better byld neffens it ynstitút. Soarchbelang Fryslân ûnderskriuwt dat. It hat sels goede kontakten mei de Fryske sikehûzen as it giet om pasjintebelangen. De sikehûzen hjir steane neffens Soarchbelang ek al bot iepen foar de ûnderfinings fan pasjinten mei de soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)