Gjin fergoeding foar tegels

14 feb 2012 - 16:53

Tegelsamler Jan Holtkamp út Harich krijt gjin jild fan syn fersekering nei de stellerij fan syn kostbere samling âlde tegels. Yn oktober 2010 waarden út it hûs fan Holtkamp 100 seldsume tegels stellen, mei in wearde fan 326 tûzen euro. Op it stuit fan de ynbraak stie it alarm net oan. Dêrom wol fersekerder Achmea de skea net fergoedzje.

Holtkamp stapte nei de rjochter omdat it neffens him om in profesjonele ynbraak gong en de ynbrekkers net tsjinholden wiene troch it alarm. Holtkamp tinkt nei oer in heger berop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)