Margreet Mulder steatelid D66

Margreet Mulder wurdt it nije steatelid foar D66. Sy komt yn it plak van Mark de Roo, dy't riedslid en fraksjefoarsitter fan D66 wurdt yn de gemeenteried fan Frjentsjertradiel. Margreet Mulder is keunsthistoarika en siet earder foar D66 yn de gemeenteried fan Hearrenfean. Op dit stuit is se foarsitter fan dy ôfdieling. Se sil har as steatelid benammen dwaande hâlde mei de portefúlje Boarger en Mienskip.