Botsing mei scooter

Botsing mei scooter © Anton Kappers
Yn Ljouwert binne in 18-jierrige scooterrider út Ljouwert en syn 17-jierrige passazjier tiisdeitejûn ferwûne rekke nei in ûngelok op de Egelantierstrjitte. De jonges rieden oan de linkerkant fan de dyk tsjin it ferkear yn. In 50-jierrige automobiliste út Berlstum seach de scooter oer de holle en botste derop. De slachtoffers binne nei it sikehûs brocht.