Kollumer driget mei mes
Yn Kollum hat de plysje tiisdeitejûn in 20-jierrige Kollumer oanhâlden. Hy hie earder op de jûn op de Nobel in 19-jierrige plakgenoat mei in mes bedrige nei't dy op syn hiem komme woe. De plysje hat de fertochte meinaam nei it buro en it mes yn beslach nommen.