Ynbrekkers sporthal Feanwâlden

26 mrt 2014 - 09:43

Yn Feanwâlden hat de plysje tiisdeitenacht twa ynbrekkers trappearre by de sporthal oan de Ljurkstrjitte. It ynbrekalaarm wie ôfgien en de plysje seach dat in rút en trije doarren iepenbrutsen wienen, mar trof binnen net ien oan. Letter gie it alaarm wer ôf en doe seach de plysje twa manlju út de sporthal kommen. In 29-jierrige Ljouwert koenen se fuort oanhâlde en wat letter waard ek in 23-jierrige man sûnder fêst wenplak oppakt. It duo sit fêst foar ûndersyk. De bút, twa sporttassen mei drank, jild en in fotokamera, stie noch yn de sporthal.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Feanwâlden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)