Nije VVV De Friese Meren

It VVV-kantoar yn de nije gemeente De Fryske Marren kiest definityf foar de Nederlânske namme De Friese Meren/Gaasterland. De nije toeristyske organisaasje ûntstiet út in fúzje tusken de VVV's fan De Lemmer, Gaasterlân en it VVV-kantoar Langwar/Joure. Foar de offisjele gearwurking is noch wol needsaaklik dat yn de ledegearkomste fan de VVV Langwar/Joure op 11 april hjirfoar tastimming ferliend wurdt.
De VVV kiest foar de Nederlânske namme, omdat dy it better dwaan soe bûten de provinsje.