Auto rydt hûs Tytsjerk yn

Oan it Noarderein yn Tytsjerk is yn de nacht fan tiisdei op woansdei tsjin healwei twaen in auto in hûs ynriden. De 23-jierrige bestjoerder út Tytsjerk is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Dêr is ek in bloedproef ôfnommen, omdat de plysje in sterk fermoeden hie dat der drank yn it spul wie. It hûs is rekke oan de sydgevel en hat in soad skea oprûn. Neffens de bewenners is it ien grutte ravaazje, mar se kinne wol yn it hûs wenjen bliuwe.
De sjauffeur hat syn rydbewiis ynleverje moatten fanwege gefaarlik rydgedrach.