Ofwurdearring bougrûn Ljouwert

14 feb 2012 - 16:41

Ljouwerter bougrûn dat net yn 15 jier tiid ûntwikkele wurde sil krijt in ôfwurdearring fan 12 miljoen euro. Dat makke it kolleezje fan b. en w. bekend. It giet benammen om bougrûn yn de wiken Nieuw Stroomland en de Súdlannen.

Troch de ekonomyske krisis ferkeapet de gemeente folle minder boukavels as earder tocht. Troch de grûn no ôf te wurdearjen, rint de gemeente minder risiko's. Wethâlder Henk Deinum seit dat sa'n ôfwurdearring no wol leie kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)