Oare opset Fryske 'opstapdag'

Der komt in oare opset fan de 'Friese Boten Opstapdag'. Dit jier kinne de minsken foar it earst yn seis wettersportplakken opstappe om fergees in stikje yn in motor- of sylboat, sloep, falk of op in skûtsje te farren. It giet om Heech, Snits, Wâldsein, Balk, Terherne en Earnewâld.
De iepening fan it Fryske wettersportseizoen op 19 april fynt foar de tredde kear plak en wurdt organisearre troch de organisaasje 'Varen in Friesland'. Der dogge 50 bedriuwen oan mei. Yn de plakken is fan alles te dwaan om de minsken it nei it sin te meitsjen.