Lintsjes foar riedsleden

25 mrt 2014 - 21:08

Trije riedsleden fan Achtkarspelen binne tiisdei keninklik ûnderskieden. It giet om Atty Sietzema-de Haan (60), Tsjikke Krol-Buma (50) en Sietse Miedema (64). It trio naam tiisdei ôfskied fan de gemeenteried. Sietzema hat 20 jier riedslid west, Krol en Miedema beiden 12 jier. Njonken dizze trije wienen der noch fiif riedsleden dy't ôfskied namen.

Yn Dantumadiel krigen Attje Meekma en Wander Slomp in lintsje. Sy sieten 12 jier en 15 jier yn de gemeenteried. Yn totaal namen seis riedsleden ôfskied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)