Miljoene-ympuls foar hiermerk

25 mrt 2014 - 20:06

De provinsje ynvestearret 20 miljoen euro yn de bou fan bysûndere hierwenten yn de frije sektor. It giet om hierwenten yn kombinaasje mei soarch, dy't mear as 699 euro yn de moanne opbringe moatte. In projektûntwikkeler kin maksimaal 25% fan de projektkosten krije.

It kolleezje fan deputearren wol besykje mei dit jild de hiermerk, dy't fêstrûn is, wer op gong te helpen. Wenningboukorporaasjes dy't yn de sosjale sektor hierwenten bouwe wolle, kinne gjin berop op dit jild dwaan. Provinsjale Steaten moatte noch wol oer it útstel te set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)