Dioksineûndersyk Harns kin los

REC ôffaloven © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
It RIVM hat offisjeel ynstimd mei it ûndersyk nei de dioksine yn Harns. De ûndersikers komme meikoarten mei in plan nei de gemeente Harns en de provinsje ta.
Mar no al wurde der gersmeunsters nommen yn de omjouwing fan de REC. Dêrút moat bliken dwaan oft der tefolle dioksine yn de loft sit. As der te lang wachte wurdt mei it sammeljen fan de meunsters, dan is it gers al meand of opfretten.
Ek wurde takom freed, as de REC stillein wurdt foar ûnderhâld, mjittings dien nei de útstjit fan dioksine.