Iepen dei op VSO Talryk

Passend ûnderwiis is yn beweging. Benammen yn it basisûnderwiis wurdt socht nei optimale kânsen foar bern dêr't wat mei is. As it heal kin moatte dizze bern in plakje krije yn it reguliere gewoane ûnderwiis.
Mar hoe komt it dêrnei, as de bern nei it ferfolchûnderwiis gean? Bin dêr deselde mooglikheden foar ekstra stipe en is dizze groep striidber genôch om him steande te hâlden yn de hurde praktyk tusken oare pubers? Wy wiene tiisdei te gast op de iepen dei fan VSO Talryk yn Drachten.
Sy fersoargje ûnderwiis foar 'zeer moeilijk lerende en meervoudig gehandicapte jongeren van 12 tot 20 jaar'. De skoalle hat sa'n 200 learlingen ferdield oer 19 klassen. Wichtichste doel is om de learlingen ta te rieden op wenjen, wurk en frije tiid.