Alternatyf sâltwinning Frisia

25 mrt 2014 - 16:53

Twadde Keamerleden Henk van Gerven en Paulus Jansen fan de SP hawwe in alternatyf plan betocht foar de sâltwinning fan Frisia yn Harns. Neffens de manlju moat Frisia sâlt ferwurkje dat yn Dútslân yn see dumpt wurdt.

Dútske skippen dumpe regelmjittich sâltoplossings yn see by de Dollard. De SP freget de minister fan Ekonomyske Saken en miljeu no te ûndersykjen oft Frisia dat sâlt ferwurkje kin.

Op dy wize soe it bedriuw út Harns gjin sâlt út de Waadsee hoege te heljen. Natuerorganisaasjes hawwe dêr nammentlik grutte problemen mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)