'Thialf noch net útsletten'

25 mrt 2014 - 16:27

It Hearrenfean makket dochs noch kâns op in Regionaal Talenten Centrum (RTC). Dat seit direkteur Arie Koops fan 'e KNSB. It reedridersbûn hat Grins en Haarlem ferkeazen boppe It Hearrenfean.

Op sa'n RTC binne alle fasilisiteiten oanwêzich foar reedrydtalinten om topsport en in skoalkarriêre kombinearje te kinnen. De teloarstelling is grut by it Gewest Fryslân, dat leaver in RTC op It Hearrenfean hân hie.

Direkteur Arie Koops seit dat Grins op ferskate punten better skoard hat as It Hearrenfean. Sa hat Grins foar de kommende fjouwer jier in deeglik finansjeel plan klearlizzen en is der yn Grins al in besteande organisaasje. Dêrneist binne der yn Grins al fasiliteiten oanwêzich foar sawol shorttrack, reedriden as in-line skaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)