Hamstra ynformateur East'werf

25 mrt 2014 - 15:27
Gemeente Eaststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân

Ooststellingwerfs Belang hat Jan Hamstra út Appelskea frege om de koälysjeûnderhannelings te begelieden. Hamstra wie yn it ferline ûnder oaren direkteur fan ûnderwiiskoepel De Tjongerwerven.

Hy is goed bekend mei de gemeentlike polityk. Ooststellingwerfs Belang waard ferline wike by de gemeenteriedsferkiezings de grutste mei seis sitten. De partij tinkt dat de nije koälysje en it kolleezje mei in pear wiken bekend binne.

(advertinsje)
(advertinsje)