Tsjerkûle briedt op ynternet

25 mrt 2014 - 14:20

It wol en wee fan in briedende tsjerkûle is live te folgjen op ynternet. It Fryske Gea hat yn in nêstkast yn Earnewâld in webcam delset. De nije, ekstra romme nestkast is yn maart delset as ferfanging fan in âlde kast.

Dêr sit no dus in tsjerkûlepearke yn te brieden op yntusken fjouwer aaien en alles is 24 oeren deis te folgjen fia de webside fan de natoerorganisaasje.

Saakkundige Johan de Jong hâldt in bloch by, dêr't de meast nijsgjirrige saken op meld wurde. Doel fan de webcam is om minsken sjen te litten hoe't in tsjerkûle libbet.

Sjoch hjir foar de webcam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)