Nije fertochte konifearebrân

14 feb 2012 - 15:09

In 25-jierrige man út Drachten is troch de plysje oppakt yn it ûndersyk nei de rige kontener- en konifearebrannen yn De Wiken yn Drachten. Earder dit jier binne al twa persoanen feroardield foar kontener- en konifearebrannen. Se hiene it fersjoen op ôffalkonteners dy't by de dyk stiene, mar ek konteners dy't achter huzen stiene waarden yn de brân stutsen.

By de brannen rûnen huzen skea op en baarnden in auto en in camper út. Der binne gjin slachtoffers fallen by de brannen. De fertochte is foar ferhoar fêstsetten op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)