'Univé fierder mei SC H'fean'

14 feb 2012 - 14:38

It is sa goed as wis dat Univé fierder giet as haadsponsor fan Sportklup Hearrenfean. Neffens in wurdfierder binne beide partijen yn in 'afrondende fase'. Univé ferwachtet dat se der noch dizze wike útkomme. Ek de komst fan Marco van Basten spilet dêr by in rol, sa seit in wurdfierder fan Univé: 'De komst fan Van Basten is voor de club natuurlijk fantastisch.'

Univé is no dwaande oan syn alfde seizoen as haadsponsor fan Hearrenfean. Univé sil foar in wat lytser bedrach sponsor wêze, mar foar hoefolle minder sizze se net.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean Univé
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)