Kruiend iis komt der oan

14 feb 2012 - 13:49

It kruiend iis komt der oan! By Hylpen leit it op guon plakken al in meter de wâl op. Stadichoan krûpt it iis fanút de Iselmar it lân op. Gefaarlik is it lykwols noch lang net. Mar moaie plaatsjes jout it wol.

De grutste oanfal fan kruiend iis wurdt fan 't wykein op de Fryske kust ferwachte. De wyn draait dan nei it súdwesten en hellet oan nei krêft sân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)