Tsjûgen socht ynbraak Ljouwert

25 mrt 2014 - 12:56

In bewenner fan de Fiverstrjitte yn Ljouwert hat moandeitejûn koart nei tsienen in ynbrekker betrape, dy't by de buorlju ynbrutsen hie en útnaaie soe mei in tillevyzje.

De buorman belle 112, wêrnei't de plysje op syk gong nei de ynbrekker. Se koenen him lykwols net mear fine. De plysje is dêrom op syk nei tsjûgen dy't moandeitejûn wat sjoen hawwe. Mooglik hat in wat âldere man mei in brún/wyt hûntsje kontakt hân mei de ynbrekker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)