Gjin wertelling yn Opsterlân

Der komt gjin wertelling fan de stimmen fan de gemeenteriedsferkiezings yn Opsterlân. De fraksje fan OpsterLanders hie dêr moandei yn de rie om frege, om't de partij op ien stim in twadde sit yn de rie misrûn.
De oare fraksjes stipen it fersyk om wertelling net, omdat neat der op wiist dat der sprake west hat fan ûnregelmjittichheden.
Freed noch liet OpsterLanders witte de útslach te respektearjen. Snein kaam der in brief fan Binnenlânske Saken by de partij binnen, wêryn't meld waard dat in wertelling ek sûnder fermoedens fan flaters oanfrege wurde kin.
Dat wie foar OpsterLanders de stipe om dochs in wertelling oan te freegjen. De partij leit him no lykwols del by it beslút fan de ried.