'Reedriden ferliest fan jild'

25 mrt 2014 - 12:37

Reedrydcoach Jillert Anema is bot fernuvere oer de plannen fan ISU-foarsitter Ottavio Cinquanta om it reedriden radikaal te feroarjen. 'Sa helje je de siel út de sport', sa seit er.

Cinquanta wol ûnder oaren de 5 kilometer foar froulju en de 10 kilometer foar manlju skrasse út it Olympysk programma. Ek wol er ôf fan it WK en EK allround reedriden.

Neffens Anema is it jild sa belangryk wurden, dat de pure sport it dêrfan ferliest. 'Se meitsje fan it reedriden in seiskampachtige fertoaning', sa fynt er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)