Twa ynformateurs Dongeradiel

25 mrt 2014 - 11:14

Hilbrand Visser fan it CDA en Theunis Piersma fan de FNP binne troch de fraksjes yn Dongeradiel beneamd ta ynformateurs. It CDA en de FNP binne de grutste partijen yn de gemeente. It CDA ferlear ien sit en de FNP wûn ien sit. De partijen ha besletten beide in ynformateur te leverjen.

Hilbrand Visser wie fan 2008 oant 2012 wethâlder yn de gemeente Kollumerlân en is no teamlieder by it CSG Comenius yn Ljouwert. Theunis Piersma is âld-boargemaster fan Wûnseradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)