Thialf gjin talintesintrum

Direkteur Eelco Derks fan Thialf fynt it spitich dat Grins en Haarlem as earsten oanwiisd binne as lokaasjes foar Regionale Talentencentra (RTC), en Thialf net.
Reedridersbûn KNSB hat syn seleksje moandei bekendmakke. Dizze RTC's binne lokaasjes dêr't de bêste talinten in profesjonele oplieding krije op sportyf en maatskiplik mêd.
It Gewest Fryslân is teloarsteld oer de kar fan de KNSB. De direksje fan Thialf ek, omdat it iisstadion op It Hearrenfean kwa akkommodaasje en fasiliteiten folle mear te bieden hat as iishal Kardinge yn Grins.
Letter dit jier wurde der noch in pear RTC's oanwiisd.