Grinzer oanholden yn Earnewâld

25 mrt 2014 - 10:56

De plysje hat moandei in 30-jierrige man út Grins oanholden op fertinking fan oplichting fan in rekreaasjeparkeigener yn Sumar. De Grinzer hierde in oantal dagen in sjalet op it rekreaasjepark, mar gong fuort sûnder te beteljen. De eigener út Sumar die dêrom oanjefte by de plysje.

De Grinzer koe moandeitemiddei yn Earnewâld oanholden wurde. Hy wie earder dy dei by in rekreaasjepark yn Earnewâld west en besocht ek dêr in sjalet te hieren. Doe't er it foarskot net betelje koe, naaide er út. Ek de taksyrit nei Earnewâld waard net betelle.

De man is meinommen nei it buro, dêr't de plysje ûndersiket oft der noch mear dupearre bedriuwen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)