Schotanus nei Harkemase Boys

14 feb 2012 - 09:42

Klaas Schotanus giet nei Harkemase Boys. Schotanus komt oer fan haadklasser Flevo Boys. De ploech út Emmeloord seach earder al dat trainer Willem Brouwer nei De Harkema ta giet. Dit wykein makke Harkemase Boys bekend dat se Jelmer Slager oanlûke. Slager is twa jier lyn troch syn stúdzje en wurk ophâlden, mar keart no wer werom.

Foar folgjend seizoen hat Harkemase Boys al in oantal spilers fêstlein. Jasper Valentijn en Raymond Bolt binne oanlutsen, wylst Oebele Schokker, Jordi van Wijk en Arjen Bergsma in nij kontrakt tekene ha by Harkemase Boys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)