Oanriding op A32 by Akkrum

14 feb 2012 - 07:14

Op de A32 by Akkrum is tiisdeitemoarn betiid in ûngelok bard. In buske dat rjochting It Hearrenfean ried is achterop in frachtwein riden.

It buske is troch de klap trochsketten en yn 'e sleat bedarre. De bestjoerder rekke licht ferwûne. De frachtweinsjauffeur kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
plysje oanriding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)