56 meiwurkers Cedin krije dien

13 feb 2012 - 21:10

Underwiisbegeliedingstsjinst Cedin yn Drachten wol in tredde part fan it personiel ûntslaan. It giet om 56 minsken: tsien op kantoar yn Drachten en 46 adviseurs.

Cedin helpt skoallen bygelyks by it ynfieren fan nije lesmetoaden of it oanpakken fan problemen fan bern. Cedin is seis jier ferlyn selsstannich wurden en moat sûnt dy tiid op de frije merk opbokse tsjin oare ûnderwiisadviseurs. Direkteur Henk Wilbers wol in soart fan útstjoerburo oprjochtsje, dêr't de ûntsleine adviseurs harren by oanslute kinne.

It fakbûn AOB is dêrop tsjin en is benaud dat Cedin sels bepale wol wa't bliuwe kin en wa net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)