Benedictus ynformateur T'diel

25 mrt 2014 - 08:22

De fraksjes yn de gemeente Tytsjerksteradiel ha Gjalt Benedictus beneamd ta ynformateur. Benedictus sil him de kommende wiken bûge oer de koalysjefoarming. It is al de tredde kear dat de gemeente in berop docht op him as ynformateur.

De 63-jierrige Benedictus út Garyp wie fan 1994 oant 1998 riedslid yn de gemeente. Oant en mei 2008 wie er bankdirekteur. Op dit stuit is er ûnder oaren foarsitter fan de agraryske behearkoöperaasje Wâld en Finnen. Doel is om 17 april it koalysjeakkoart te presintearjen en de wethâlders op 24 april te beneamen.

It CDA bleau by de ferkiezings fan 19 maart de grutste partij yn de gemeente mei 6 sitten. Twadde waard de FNP, dy't har 5 sitten behold. De PvdA folge mei 4 sitten, de VVD 3. GrienLinks ferlear ien fan har 3 sitten oan de ChristenUnie dy't dêrmei ek op 2 sitten komt. Pleatslik Belang hâldt syn iene sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)