The Iceman komt wer nei Thialf

25 mrt 2014 - 06:58

Yn Thialf wurdt freed besocht om mei safolle mooglik minsken in kilometer oer it iis te rinnen op bleate fuotten. It moat in nij wrâldrekôr opsmite, dat opnaam wurdt yn it Guiness Book of Records. Dêrfoar moatte mear as 361 minsken meidwaan om it âlde rekôr te ferbrekken.

Wim Hof, better bekend as The Iceman, sil de minsken earst útlizze hoe't se sa goed mooglik mei de kjeld omgean kinne. Minsken dy't meidwaan wolle, kinne har oanmelde fia de webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)