Undersyk nei brûken mobyltsje

24 mrt 2014 - 21:46

Stifting Responsible Young Drivers docht ûndersyk nei it brûken fan mobile tillefoans yn it ferkear troch jongerein. In spesjaal team giet yn maart en april nei tsien Fryske skoallen om de jongerein yn it skoft in fragelist foar te lizzen.

Nei oanlieding fan de antwurden ferwachtet de stifting tips jaan te kinnen oer hoe't de learlingen feiliger handelje kinne yn it ferkear. De resultaten fan it ûndersyk komme yn juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)