Aardema bliuwt by de PVV

24 mrt 2014 - 21:18

Steatelid Max Aardema fan Drachten bliuwt lid fan de PVV. Hy bliuwt as iennichste oer yn de fraksje. Neffens him hat Wilders neat nijs sein mei syn Marokkanenútspraak. Ofrûne wykein stapten Pieter Buisman en Otto van der Galiën út de partij. Sy beide gean foarearst fierder as ûnôfhinklik lid yn de steaten.

By de ferkiezings yn 2011 krige de PVV fjouwer sitten. Jelle Hiemstra stapte yn 2011 as earste út de partij. Hy gie fierder as Friese Koers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)