Dielnimmers Liet bekend

24 mrt 2014 - 21:00

Fyftjin dielnimmers stride ein dizze moanne om in plak yn de finale fan it Lietfestival. Dat hat de organisaasje bekend makke. Der wiene 26 ynstjoerings. Dêr hat de faksjuery 15 nûmers út keazen. It giet ûnder oare om de band Vangrail en it duo Weima & Van der Werf.

De sjuery kiest njoggen dielnimmers foar de finale op Befrijingsdei. It publyk mei dêr ien band of artyst oan taheakje. De folsleine dielnimmerslist is te finen op www.liet.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)