Drogisten yn swier waar

24 mrt 2014 - 18:39

It giet goed mei de drogisterijbrânzje yn Nederlân wat omset oanbelanget. Yn tsjinstelling ta eins alle oare winkels is de omset stabyl. Wa't lykwols skerper sjocht, sinjalearret in slachting ûnder de selsstannige drogisten. Yn ien jier giene fyftich selssstannige drogisten fallyt. Sprekkend foarbyld dêrfan yn Fryslân is drogisterij-parfumery Meindertsma yn Snits. De saak dy't al hast 120 jier bestie, moast in pear moanne lyn belies jaan, nei't fjouwer filialen fan lanlike ketens harren yn de stêd festige hiene.

Neffens drogist Jan Willem Hamstra yn Dokkum hat de selsstannich ûndernimmer noch wol kânsen as er him spesjalisearret, saakkundich advys jaan kin en it oanbod oanpast oan de lokale fraach.

Trefwurden: 
ekonomy drogisten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)