Maatregels swiere grûnfroast

24 mrt 2014 - 17:16

De kommende nachten wurdt yn Fryslân swiere grûnfroast ferwachte. Dat betsjut autoruten skraabje en oppasse foar glêde diken. Mar de froast hat ek ynfloed op de blommen en planten yn 'e tún.

Neffens Romkje de Hoop, eigener fan it túnsintrum yn De Triemen, is der alle jierren yn maart sprake fan nachtfroast. Dochs seit se dat it ferstannich is om foarsoarchsmaatregels te nimmen. It túnsintrum sels set blommen en planten by nachtfroast binnendoar yn in ferwaarme romte en dekt planteguod en beammen ôf mei froastdoeken.

De Hoop advisearret minsken om de tún te bedongjen, sadat der genôch fieding yn de grûn sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)