Cambuur wint fan Volendam

SC Cambuur spile fan 'e middei in oefenwedstriid tsjin FC Volendam. De Ljouwerters wûnen de wedstriid mei 4-2. De goals kamen op namme fan Michiel Hemmen (2 kear), Martijn van der Laan en Bob Schepers. De Volendam goals waarden beide makke troch Henk Veerman. Opfallende rôl wie der foar Bob Schepers. Hy joech trije assists en skoarde sels ek. By Cambuur stie Erik Bakker yn de basis. Hy is wer fit nei in ankelblessuere. Ek Bartolomew Ogbeche is wer werom nei syn hamstringblessuere. De Nigeriaan spile in lyts healoerke mei.