Soad minsken ôfskied Scherjon

13 feb 2012 - 11:59

Hûnderten minsken hawwe sneintemiddei ôfskied naam fan Eelke Scherjon. De measten wiene op klompen, dêr hie Scherjon om frege.

Eelke Scherjon, de klompmakker en fierljeptrainer is ferline wike op 56-jierrige stoarn. Hy wie de lêste tiid slim siik. Eelke Scherjon rjochte yn 1978 de fierljepferiening Burgum op en wie sûnt dy tiid nau by it fierljeppen belutsen as bestjoerder, sponsor, trainer en coach. Koartlyn is er noch beneamd as earlid fan de feriening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)