Doeksen skrast sneltsjinsten
Doeksen skrast oant tongersdei alle sneltsjinsten op Flylân en Skylge. Der driuwt noch tefolle iis yn de Waadsee. De regel jildt yn alle gefallen oant tongersdei. Oant dy dei farre de gewoane boaten ek op oanpaste tiden. Dat betsjut ûnder oare dat der allinne by ljocht fearn wurdt.
De krekte tiden binne te finen op de webside fan de rederij.