Skipfeart komt wer op gong

13 feb 2012 - 11:25

Moandeitemiddei om twa oere is it farferbod yn de provinsje opheft. Dat jildt earst foar de farwei nei It Hearrenfean en it Van Harinxmakanaal, it trajekt Tsjerk Hiddesslûzen oant de eastlike tagong Ljouwert.

Tiisdei tsien oere komt dêr noch in oantal oare farwegen by. It giet dan om de farwei nei Drachten, de westlike tagong oant Ljouwert, de farwei nei Akkrum en it trajekt Van Harinxmakanaal oant de Yndustrybrêge yn Harns.

De provinsje set iisbrekkers yn op de grutte trochgeande farwegen om it paad frij te meitsjen foar de beropsfeart. Op de Iselmar geane de skippen yn konfoai fan Amsterdam rjochting Fryslân. Op de Waadsee begeliede iisbrekkers de fearboaten fan en nei de eilannen, oars komme dy der net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)