'Net klear foar nij ûnderwiis'

Fryske masters en juffen binne noch net klear foar it saneamde passend ûnderwiis. Dat seit Pytrick Bruinsma fan skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach. Sy is as begelieder faak op oare skoallen te finen.
Yn augustus giet de nije Wet Passend Underwiis yn. Bern mei in beheining moatte dan safolle mooglik nei gewoane skoallen. It systeem fan rêchsekjes wurdt ôfskaft. Om elk dúdlik te meitsjen wat dat betsjut is it de Wike fan it Passend Onderwijs. De ôftraap foar de ynformaasjewike wie moandei yn Beetstersweach.