Neisoarch hieltyd dreger

24 mrt 2014 - 13:56

Neisoargers moatte hieltyd kreativer te wurk gean om ljipaainêsten te beskermjen, Dat seit it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten. Boeren brûke hieltyd swierder materieel. As oplossing is der in soart deksel makke om nêsten te beskermjen tsjin dongriden mei in sleepslang.

Der moat ek mear dien wurde om piken groeie te litten, neffens it BFFW. In soad nêsten lizze yn maislân, mar dêr is te min fretten. Boeren kinne dêr wat oan dwaan troch kij ticht tsjin de mais oan weidzje te litten. Dat lûkt ynsekten oan en lokket de piken it lân út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)