Team Liga wurdt Team Continu

Team Liga mei de Fryske reedrydsters Thijsje Oenema, Yvonne Nauta en Margot Boer © ANP
De Fryske reedrydsters Thijsje Oenema, Margot Boer, Yvonne Nauta, Janine Smit en Mayon Kuipers hawwe in nije sponsor yn de foarm fan Continu. Dat is in yntermediêr yn de bou en yndustry en it is de opfolger fan it Liga-reedrydteam fan de coaches Marianne Timmer en Gianni Romme.
It bedriuw Continu wie al ferbûn oan de ploech as subsponsor. No wurde se foar de kommende fjouwer jier haadsponsor en sil it team operearje ûnder de namme Team Continu.