Klear foar in nij seizoen

24 mrt 2014 - 08:05

In soad bûtenaktiviteiten begjinne fan 1 april ôf wer. De maitiid stiet foar de doar. Dat betsjut dat der op dit momint hurd wurke wurdt op kempings en bygelyks bernebuorkerijen en aktiviteiteparken.

Omrop Fryslân sjocht moandei by in natuerkemping fan Steatsboskbehear yn de buert fan Kollumerpomp en op de bernebuorkerij fan Doniastate yn Stiens. Yn Kollumerpomp stiet op 4 april in grut iepeningsspektakel op it program. By Doniastate wurdt manmachtich wurke om op snein 30 maart iepen te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)