FVC mei 6-2 ûnderút by MSC

23 mrt 2014 - 16:00

FVC gong snein mei 6-2 ûnderút by MSC. Yn Meppel kamen de Ljouwerters al nei 9 minuten spyljen op efterstân. De thúsploech wie oppermachtich en sette dat ienfâldich om yn in 4-0 foarsprong. René Hoen fersêfte de pine op slach fan rêst mei de 4-1.

Yn de twadde helte like it krûd nei in flinke hagelbui damp by beide ploegen. Pas yn de 72e en 75e minút wist de thúsploech it publyk mei twa treffers wekker te skodzjen. Jasper Bol Raap tekene yn de 88e minút foar de twadde Ljouwerter treffer en soarge dêrmei foar de einstân.

De ploech fan trainer Bert Hollander bliuwt troch it ferlies stean op 23 punten út 21 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)