Bern fine granaat op It Amelân

Twa bern ha snein op It Amelân in Dútske mortiergranaat fûn. De fiif sintimeter grutte granaat lei ûnder in trep fan it strânpaviljoen fan Buren. De minsken fan it paviljoen ha de plysje belle. Dy skeakele de Explosieven Opruimingsdienst yn. De EOD hat de granaat opgroeven en in pear kilometer fierderop op it strân ûntploffe litten.
Der hat nea gefaar west by it paviljoen. Neffens de EOD koe de granaat net út himsels ûntploffe.