Ynbrekker pakt mei help tsjûge

23 mrt 2014 - 13:11

In 33-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein oppakt mei help fan oplettende tsjûgen en in plysjehûn. De man hie ynbrutsen yn in hûs oan de Insulindestrjitte. Buorlju seagen it en wisten dat de bewenners net thús wiene en bellen fuort de plysje. Mei help fan in hûn waard in sykaksje opsetten en waard de ynbrekker yn de tún fûn. Doe't in plysjeman de ynbrekker pakke woe, naaide dy út. De hûn hat de man úteinlik te pakken krigen. It is ûndúdlik oft er guod út it hûs stellen hat. De ynbrekker sit fêst.
.

Trefwurden: 
Ljouwert ynbrekker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)